Trije nije spilers foar Cambuur

26 jun 2003 - 00:00

Cambuur hat trije nije spilers foar it nije seizoen. Middenfjilder Henk van Steeg fan FC Zwolle (28) spilet 2 jier yn Ljouwert. Ek nij is de Finske spits Miika Ilo (21). De jeugdynternasjonal spile de lêste oardel jier foar Stormvogels/Telstar.

As tredde is nij ferdigener Michel van Zundert fan FC Dordrecht. Hy makke as 17-jierrige syn debút yn it betelle fuotbal yn 'e basis fan earedivisionist RKC.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)