Friesland yn min troch beurs

25 jun 2003 - 00:00

De Friesland soarchfersekerer hat in ferlies fan 35 miljoen euro hân troch minne risseltaten op de effektebeurs. Oer 2002 sakke it oandielekaptaal fan 75 miljoen euro nei 40 miljoen. It ferlies is opfong troch eigen fermogen oan te sprekken. Dat is goed 100 miljoen euro.

Fan 1 july dit jier ôf meie soarchfersekerers gjin preemjejild mear brûke as ynset foar belizzingen op de beurs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)