Sjongende bern yn Akkrum

25 jun 2003 - 00:00

Skoalbern yn Akkrum gienen woansdei sjongend troch it doarp. Dêrmei helje se in âlde tradysje om de lêste skoaldei te fieren wer yn eare. Sûnt tritich jier bart it net mear om't it net feilich wie fanwegen it ferkear.

Eartiids hie it sjongen in baldadich karakter, no binne de bern entûsjast oer it inisjatyf fan de Stichting Akkrum Ald en Nij. De bern namen ek ôfskied fan de Thalenskoalle. It skoalgebou wurdt nammentlik sloopt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)