Diskusje oer gefaar kitesurfen

© Omrop Fryslân
Sûnt in pear jier binne de kleurige draken boppe de seediken oan de Iselmarkust in bekend ferskynsel. It kitesurfen, surfe oan in draak, is benammen by de ûndjippe strannen fan Makkum, Warkum, Hylpen, Murns en De Lemmer hiel populêr.
It wurdt no sa drok dat de gemeenten it kitesurfen oan bannen lizze wolle. Nijefurd, Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân, Wûnseradiel, en it Fryske Gea sille no om 'e tafel oer it kitesurfen.