IIshockeyers by skoallen del

13 mrt 2012 - 13:14
  • iishoeckeypromoasje by bern

Topiishockeyers fan Friesland Flyers sille de kommende wiken by ferskate skoallen del om it wrâldkampioenskip foar spilers ûnder de 18 jier op It Hearrenfean te promoten. De bern koene fragen stelle oan de spilers en mochten ek iishockeyklean passe.

De bern fan de skoallen wurde oproppen om in sa moai mooglik spandoek te meitsjen. Dy komme by it WK tusken 31 maart en 6 april yn it iishockeystadion te hingjen. Ferskate spilers jouwe foarljochting oan de bern, sadat dy witte dat der mear is as fuotbal, kuorbal en oare populêre sporten.

Op woansdei 4 april wurdt it winnende spandoek bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)