Friesland Coberco ferkeapet part

25 jun 2003 - 00:00

Fiedingsûndernimming CSM nimt per 1 july in part fan de bakkerij-aktiviteiten fan Friesland Coberco Dairy Foods oer. De bedriuwen wiene al inkele wiken yn ûnderhanneling oer de oername.

It giet om de bûtenlânske produksje en ferkeap fan poeiermiksen foar it meitsjen fan gebakskrêm. Dêr giet in omset fan 11 miljoen euro yn 't jier yn om. Friesland Coberco wol him sa mear konsintrearje op suvelprodukten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)