Snits pakt hûnestront oan

25 jun 2003 - 00:00

De gemeente Snits lûkt 100.000 euro út om de oerlêst fan hûnestront oan te pakken. Yn wenwiken wurde gebieten oanwiisd dêr't hûnen los rinne meie. Dêrbûten moatte se oan it tou. Ek moatte hûnebesitters de stront opromje.

Dat die tiisdei bliken by de behanneling fan de maitiidsnota fan de gemeente Snits. De ried gie akkoart mei de nota dêr't 2 miljoen euro yn besunige wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)