Stienhouwer: goed foar personiel

24 jun 2003 - 00:00

De grutste stienhouwerij yn Fryslân, de Steenklip yn Snits, draacht net by oan it grutte tal WAO'ers út dy brânzje. It bedriuw mei hûndert wurknimmers nimt maatregels om it wurk sa licht mooglik te meitsjen.

Ut sifers fan de UWV docht bliken dat jierliks 4 prosint fan de stienhouwers út it wurk rekket. Ek slachters, hoarekapersoniel en wurknimmers yn tabaksferwurkjende yndustry ha mear kâns op arbeidsûngeskiktheid.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)