Nije cao foar Oranjewoud

© Omrop Fryslân
Nei lang ûnderhanneljen hat Oranjewoud op It Hearrenfean in nije cao. Fakbûnen en direksje fan it yngenieursburo lizze it risseltaat foar oan de leden. Dat is noch net maklik tinkt Bergsma fan De Unie, mar dit wie it heechst helbere.
De cao jildt foar 19 moannen, fan 1 novimber 2002 ôf weromrekkene. De meiwurkers krije twa kear ynsidinteel in ferheging en noch twa persint struktureel, ferdield oer dy 19 moannen.