Gedichten foar de PC

24 jun 2003 - 00:00

Foar't de PC hâlden wurdt op 30 july organisearret Omrop Fryslân Radio foarôfgeand njoggen dagen in PC-kafee foar keatsleafhawwers. Yn it program is ek romte foar dichters. In saakkundige sjuery kiest njoggen fersen út dy't yn it PC-kafee foarlêzen wurde. Op 29 july makket de sjuery de winner bekend. Dy krijt in Gouden Willem.

Stjoer it fers (net mear as 14 rigels) foar 14 july nei it sekretariaat fan de PC, Mr. Flapperstrj. 3 yn Frjentsjer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)