Undersyk Drinte nei fiasko NNBT

© Omrop Fryslân
Provinsjale Steaten yn Drinte ynstallearje woansdei in kommisje dy't de ûndergong fan it Noord-Nederlands Bureau voor Toerisme ûndersykje sil. It is foar it earst dat de Drintse Steaten in eigen provinsjale enkête hâlde.
It ôfrûne healjier waarden Fryslân, Drinte en Grinslân ferrast troch de grutte fan de finansjele problemen by it NNBT. In fallissemint wie net foar te kommen. It ûndersyk moat oantoane hoe't it safier komme koe.