Grutte rol yn Fryslân-promoasje

24 jun 2003 - 00:00

De koepelorganisaasjes op it mêd fan fan toerisme en rekreaasje lykas Rekron, it Fytsersbûn en de Federaasje fan Fryske VVV's wolle sels in wichtige rol spylje yn de promoasje fan Fryslân.

Dat konkludearret de VVD-Steatefraksje út in byienkomst, troch harren sels organisearre om sa in byld te krijen fan de winsken fan de toeristyske organisaasjes. Dy fine dat der gjin nije grutskalige organisaasje komme moat nei it fallyt fan it NNBT.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)