Libben yn Fryslân is sûn

© Omrop Fryslân
It libben op it Fryske plattelân is feilich en sûn. Dat is de wichtichste konklúzje fan in ûndersyk nei de leefberens op it plattelân. Ferskate ynstânsjes diene oan it ûndersyk mei.
It rapport is moandeitemiddei oerlange oan deputearre Andriesen. Neffens ûndersiker Boneschansker binne der lykwols op it mêd fan de folkssûnens ek bedrigings foar it plattelân. Dat komt om't misken op it plattelân hieltiten mear in 'stedelike libbensstyl' hawwe.