Undúdlikens oer Dokkumer lyceum

23 jun 2003 - 00:00

It âlde lyceum yn Dokkum, ek wol bekend ûnder de namme Oostergo, is ûnderwerp fan diskusje. It gebou stiet leech, mar wat der mei barre moat is noch altiten net dúdlik: behâlde, of slope, foar bygelyks wenten of parkearplakken.

De befolking fan Dongeradiel kin op in ynsprekjûn ideeën spuie. Neffens guon Dokkumers hat dat net sa folle doel en sil in projektûntwikkelder wol nije wenten delsette. De gemeente seit lykwols iepen te stean foar ideeën.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)