Fytstocht Kroes is dreech

© Omrop Fryslân
De fytstocht dy't Henk Kroes makket, is swierder as ferwachte. Kroes fytst mei 21 oaren 12.000 kilometer foar in goed doel, fan Vladivostok nei Skeveningen.
De omstannichheden binne ekstreem. Rein, minne diken en modderpoelen, tsientallen lekke bannen, nachtfroast, stoarmen en miggepleagen - neat bliuwt de fytsers besparre. Njoggen fan de dielnimmers ha in dei siik west. De groep leit lykwols op skema. In kwart fan de tocht sit der no op.