Aksje foar feiliger Ryptsjerk

23 jun 2003 - 00:00

Skoalbern yn Ryptsjerk hawwe in hantekenaksje opset foar in ferkears- feiliger krúspunt yn it doarp. It giet om de krusing fan de Westerdyk mei de Breedyk. Op Himelfeartsdei kaam dêr in famke fan 11 jier om it libben by in oanriding.

Der binne moandei goed 300 hantekens ophelle. Dy wurde woansdei oanbean oan wethâlder Bakker fan Tytjerksteradiel. Wat der mei dien wurde sil, is noch net wis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)