Ynternetfergoeding foar minima

23 jun 2003 - 00:00

Minima yn de gemeente Opsterlân kinne in ynternetfergoeding krije. Dat is it foarstel fan boargemaster en wethâlders. It giet om in fergoeding fan hûndert euro per bern yn it jier. It idee ûntstie by de behanneling fan it beliedsplan Sosjake Saken 2003.

Earder kaam it gemeentebestjoer mei in regeling foar kompjûters foar minima. De doelgroep binne bern dy't nei it middelber ûnderwiis geane. Der wurdt rûsd dat der sawat 200 binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)