Minder omset op Oerol

23 jun 2003 - 00:00

It 22ste Oerol-festival op Skylge hat foar de horeka en winkels op it eilân minder jild opsmiten as de jierren derfoar. De besikers giene dit jier suniger mei harren euro's om.

It besikerstal wie dit jier 50.000, ferline jier 55.000. De foarstellings hiene in besettingsgraad fan 87 persint. Artistyk lieder Joop Mulder fynt dat fyftichtûzen besikers better by it festival passe. Takom jier is Oerol fan 11 oant 20 juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)