Demonstraasje tsjin minimabelied

22 jun 2003 - 00:00

It Frysk Samenwerkingsverband Uitkeringsgerechtigden organisearret no tiisdei in demonstrative tocht oer de Texelschadestrjitte yn Ljouwert. De aksje wurdt fierd tsjin it minimabelied fan it twadde kabinet Balkenende.

Oan de Texelschadestrjitte sitte fjouwer organisaasjes dy't har dwaande hâlde mei minimabelied, lykas it CWI en syktekostefersekerder De Friesland. Oan de direksjes fan de organisaasjes wurdt in petysje oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)