Amearikaanse F15's yn Ljouwert

22 jun 2003 - 00:00

De fleanbasis yn Ljouwert hat fan moandei ôf seis Amearikaanske F15 Eagle-jachtfleantugen op besite. De fleantugen dogge mei oan in grutte oefening.

Dy is bedoeld om de piloaten fan de Ljouwerter F16's te learen om te gean mei nije wapens oan board fan har fleantugen. De Amearikanen spylje by dy oefening de fijân. Se bliuwe hjir oant en mei 4 july.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)