Roeisloepe-race Hylpen-Starum

© Omrop Fryslân
Mar leafst 55 âlde rêdingssloepen leine sneon klear foar de roeiklassiker Hylpen-Starum-Hylpen. De race oer 22 kilometer telde mei foar it NK. Yn de heechste klasse waard de 8-mans-sloep fan Hylpen hiel knap earste.
Dêrtroch hâldt it team fan stjoerman Iege Blom de lieding yn it klassemint. Troch de hurde wyn en golfslach waard it foar de dielnimmers in swiere opjefte. De race waard dit jier foar de tsiende kear yn Hylpen hâlden.