Laaksum: premjêre Drunken Sailor

21 jun 2003 - 00:00

De premjêre fan it muzykstik 'The Drunken Sailor' luts freed 600 leafhawwers nei de haven fan Laaksum. The Drunken Sailor is in Ingelsk muzykstik fan Grenger. It waard freed yn in nije bewurking foar koar en korps opfierd troch brassband De Bazuin fan Oentsjerk en it Noardkoar ûnder lieding fan dirigint Hoite Pruiksma.

De earste foarstelling soe earst al op tongersdei wêze, mar waard doe ôflast fanwege it minne waar.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)