Grutskalich ûndersyk sjitpartij

21 jun 2003 - 00:00

It team grutskalich ûndersyk fan 'e plysje hat al sa'n 100 bewenners fan 'e Ljouwerter binnenstêd heard oer de sjitpartij fan tongersdeitenacht. Doe waarden op de Nijstêd twa manlju fan Sineeske komôf delsketten troch in groep manlju. De dieders naaiden út.

By de plysje hawwe har ek seis tsjûgen fan 'e sjitpartij meld, dy moatte noch heard wurde. De plysje wit noch net wa't de dieders binne en wat de oanlieding fan 'e sjitpartij west hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)