Bedriuwen Koatstertille wer los

© Omrop Fryslân
De twa bedriuwen út Koatstertille dy't in wike lyn troch brân troffen waarden, kinne wer los. Garaazjebedriuw Waaksma hat tydlik ûnderdak fûn by in autoskeabedriuw op it yndustryterrein yn it doarp. Kafetaria 't Mounehoekje is freed wer begûn yn in mobile wein.
De twa bedriuwen giene ferline wike sneon yn flammen op. It fjoer ûntstie doe yn 'e loads fan Waaksma. By de brân rekke ek it wenhûs fan 'e eigner fan 'e kafetaria folslein fernield.