700 man op preparty Wâldrock

© Omrop Fryslân
De preparty fan it Wâldrock-festival yn dancing Quatrebras luts freedtejûn sa'n 700 leafhawwers. Sy koene yn Quatrebras genietsje fan in optreden fan ûnder oare de Fryske gothic band Autumn, dy't ferline jier noch op Wâldrock spile.
De preparty wie bedoeld foar benammen de tûzenen Wâldrockgongers dy't de nacht foar it festival al op de camping stiene. Sy waarden mei taksybuskes fan 'e camping oan de Simmerwei nei Quatrebras brocht.