Partoer Van Tuinen wint Masters

© Omrop Fryslân
It partoer Pieter van Tuinen, André Kuipers en Chris Wassenaar wûn freed op it Hearrenfean de Masterspartij. Yn in spannende finale waard mei 5-5, 6-4 wûn fan Klaas-Anne Terpstra, Jan-Willem van Beem en Douwe Groenendyk. De lytse preemje wie foar Klaas Berkepas, Dirk-Jan van der Woud en Daniël Iseger.
Opslagger Pieter van Tuinen fan Bitgum krige de Keningspriis. Sneon ferkeatse de froulju de Mastersparij op It Hearrenfean.