Utstalling yn Bosk fan Ypey

20 jun 2003 - 00:00

Yn de Bosk fan Ypey by Tytsjerk is fan freed ôf de útstalling 'Art in Motion' te sjen. It is dit jier foar de fjirde kear dat de stifting Beeldenpark Vijversburg in útstalling organisearret.

De objekten dy't te besjen binne, beweegje allegear op ien of oare wize. De útstalling duorret noch oant heal septimber. De tsjelk dy't fan de dyk ôf te sjen is, kriget letter in fêst plakje yn de bosk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)