Bou medysk sintrum Skier begûn

© Omrop Fryslân
Boargemaster Fennema fan Skiermûntseach hat freedtemiddei de earste peal slein fan it nije soarch- en medysk sintrum op it eilân. Yn it sintrum komme twa húsdokters, de toskedokter, de fysioterapeut en 24-oerssoarch foar dei- en nachtopfang.
It gebou kostet mei inoar 1,6 miljoen euro. De helte dêrfan wurdt opbrocht mei subsydzjes fan de ryksoerheid, de provinsje en de gemeente Skiermûntseach.