8+ skoalle foar bejeftige bern

© Omrop Fryslân
Bern dy't heechbejeftige binne, kinne nei de simmerfakânsje te plak op de 8+ skoalle fan Piter Jelles Junior yn Ljouwert. It projekt is it earste en iennichste oant no ta yn Nederlân.
De 8+ skoalle rjochtet him op heechbejeftige learlingen, mar ek op praktysk ynstelde bern dy't net safolle oan teoretyske lesstof ha. Sa moat foarkommen wurde dat dizze bern bûten de boat falle. Fan it hjerst set it projekt út ein.