Demonstraasje tsjin sluting azc

20 jun 2003 - 00:00

Bewenners fan it azc Dokkum gean yn protest tsjin de kommende sluting fan it asylsikerssintrum. Yn neifolging dêrfan hawwe oare ynwenners fan Dokkum ek al oanjûn de aksje te stypjen.

Nei ferwachting sille sa'n 500 minsken harren kommende woansdeitemiddei sammelje foar it gemeentehûs yn Dokkum. De bewenners fan it azc fiele harren thús yn Dokkum, hawwe der freonen en famylje en wolle yn 'e stêd bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)