Werf Harlingen Holding is fallyt

20 jun 2003 - 00:00

Skipswerf Harlingen Holding fan Cees van der Schoot is fallyt ferklearre. De helling hâldt him benammen dwaande mei de reparaasje fan skippen en seksjebou, mar hat no gjin wurk mear. It is ûnbekend hoe grut it finansjele tekoart is.

De santjin wurknimmers wurde troch kurator Van Oorschot op de hichte brocht oer de sitewaasje. Neffens in wurdfierder fan FNV-bondgenoten liket it derop dat se ûntslein wurde sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)