Skoalle driget mei Steatsrie

20 jun 2003 - 00:00

Kristlike basisskoalle De Bining yn De Triemen stapt mooglik nei de Rie fan Steat. De skoalle wol dêr it beslut fan de gemeente oanfjochtsje, dy't inkeld jild foar in ekstra lokaal jaan wol. De skoalle wol folslein nijbouwe, omdat it gebou fan no te lyts, min ûnderhâlden en ûnfeilich is.

Earder stapte de skoalle ek al nei de rjochter om jild fan de gemeente foar nijbou ôf te twingen. Dy joech de skoalle lykwols ûngelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)