Opnij stikkene oergong Wolvegea

19 jun 2003 - 00:00

In spoarwei-oergong by Wolvegea is tongersdei foar de twadde kear yn koarte tiid fernield. Krektlyk as de foarige kear luts no wer in frachtwein mei in kraan de boppelieding kapot. Trochdat de spanning fuortfoel, bleau de trein 100 meter dêrfoar stean. De Hearrenfeanstrjitte bliuwt noch wis oant freedtemoarn ticht. Oant dy tiid moat it autoferkear omride. De treinpassasjiers tusken Stienwyk en It Hearrenfean wurde mei bussen ferfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)