NNBT fallyt: 40 banen fuort

© Omrop Fryslân
Fakbûn FNV fynt dat de trije noardlike provinsjes ferantwurdlik binne foar de 40 NNBT-meiwurkers dy't harren baan ferlern ha no't it NNBT fallyt is. De ûndernimmingsried fan it NNBT hat de provinsjes hjir yn in brief op wiisd.
De kurators Tuinman en Sturms ha witte litten dat sy net genôch mooglikheden sjogge foar in trochstart fan it NNBT. De ôfdielingen rekreaasjewurk en de boekingssintrale wurde oernommen. Hjirtroch bliuwe 12 banen behâlden.