Albaneeske húshâlding ferskuord

19 jun 2003 - 00:00

De húshâlding fan 'e Albaneeske asylsiker Toro driget útinoar skuord te wurden. De frjemdelingeplysje hat oankundige dat de trije bern fan 8, 11 en 15 werom moatte nei Eastenryk, it lân dat harren as earste opheinde.

De heit flechte earder as de bern en mei wol yn Nederlân bliuwe. De mem wurdt mooglik net útset, omdat se siik is. De húshâlding hopet op in generaal pardon foar de bern, mar of dat der komt is noch folslein ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)