Brân yn Ljouwerter binnenstêd

19 jun 2003 - 00:00

Oan de Nieuweburen yn Ljouwert is tongersdeitemiddei in sekssjop útbaarnd. De brân ûntstie op de earste ferdjipping. De huzen oan wjerskanten fan de winkel koene behâlden wurden. Gjinien rekke ferwûne by de brân.

Yn it Griene-Stjergebiet by Ljouwert rûn woansdei in man om sûnder broek oan. In frou seach him rinnen en skreau it kenteken fan 'e auto op. Dy wie fan in 55-jierrige Ternaarder. De man is oanhâlden en hat bekend.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)