Bom falt op rêdingshúske Flylân

© Omrop Fryslân
Der is woansdeitejûn in bom telâne kaam by it âlde rêdingshúske op de Flyhors. Dat barde by in oefenflucht mei F-16's. Op dat stuit wiene der 35 minsken op ekskurzje yn it rêdingshúske. Nimmen rekke ferwûne. De minsken binne nei de tiid opfongen troch loftmachtmeiwurkers fan de Flyhors.
De bom koe net ûntploffe om't it in saneamde MK-82 wie, in oefenbom. Der komt in ûndersyk en in petear tusken de loftmacht en boargemaster Van der Mark.