Minder kwaliteit Fryske popmuzyk

© Omrop Fryslân
De kwaliteit fan de popgroepen yn Fryslân bliuwt fier achter by dy fan de rest fan it lân. In soad talint ferdwynt nei plakken bûten de provinsje. Om dêr wat oan te feroarjen moatte der mear plakken komme dêr't Fryske popmuzikanten spylje kinne.
Dat stiet yn it plan foar it Friese Popnet fan de stichting Friesland Pop. De ryksoerheid, de provinsje en de gemeenten soene dêrfoar mei jild komme moatte.