Omrop mooglik nei rjochter

18 jun 2003 - 00:00

De direksje fan Omrop Fryslân stapt nei de rjochter as it regear neat docht oan de problemen mei de nije radiofrekwinsje. Ut in ûndersyk, útfierd yn opdracht fan de Omrop, docht bliken dat it min steld is mei de ûntfangst fan de radiostjoerder.

De problemen ûntstienen nei't de Omrop ferhuze fan 'e mêst yn Jirnsum nei dy yn Smilde. Direkteur Gaanderse hat nije wike noch in petear mei it ministearje fan Ekonomyske Saken en mei Nozema.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)