Bierfiltsjes anty sinleas geweld

18 jun 2003 - 00:00

Hûnderten bierfiltsjes tsjin sinleas geweld wurde de kommende dagen útdield yn kafees en buerthuzen yn Ljouwert. Op de filtsjes stiet de tekst 'Stop zinloos geweld' en it logo fan in ingeltsje (lieveheersbeestje).

Op de achterkant stiet reklame foar it gemeentlik Meldpunt Overlast. De gemeente hat de filtsjes kocht fan studinten oan it Haarlems College voor Toerisme. In part fan de opbringst giet nei de stifting tsjin sinleas geweld.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)