Friezen bûten de prizen yn Bedum

© Omrop Fryslân
Maarten Lenferink fan Tubbergen wûn tongersdei it kritearium fan Bedum, ien fan de grutste hurdfytsrondes fan it Noarden. Nei hûndert kilometer fersloech er Pim Keetman fan Winkel yn 'e einsprint.
Tonny Teuben fan De Knipe waard mei in fyfde plak de bêste Fries. Peter de Vries fan Oranjewâld waard sande, Ronald Wierstra fan Burgum achttjinde en Kees van den Akker fan Akkrum tweintichste.