'Dei fan de mûlesoarch'

13 mrt 2012 - 12:27
  • Mûlesoarch yn MCL
  • Mûlesoarch yn MCL (2)

Ferpleechkundigen yn it sikehûs witte fierste min fan mûlesoarch, dus fan it fersoargjen fan it gebit. Dat kin gefaarlik wêze; in ynfeksje yn de mûle kin bygelyks longûntstekking feroarsaakje. Dêrom moat yn de oplieding fan de ferpleechkundigen folle mear omtinken jûn wurde oan bygelyks toskepoetsen by de pasjinten.

Dat seit previnsjeassistint Astrid Kuiper fan sikehûs MCL yn Ljouwert. Dêr wurdt tiisdei foar de earste kear de 'dei fan de mûlesoarch' hâlden, om it personiel en de pasjinten better foar te ljochtsjen.

It personiel kin fia de kompjûter byles krije as it giet om poetsen en sykten yn de mûle. Nei de simmer wurdt ek praktykles jûn.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)