Iepenloftspul Dronryp ôfbrutsen

© Omrop Fryslân
It iepenloftspul Dronryp is tiisdei fanwege ûnwaar ôfbrutsen. Op trijekwart bruts it needwaar los. It stik waard stillein en it publyk moast fan 'e tribune ôf. Uteinliks waard besletten de foarstelling definityf ôf te brekken.
Besikers dy't it lêste part noch sjen wolle, binne wolkom by ien fan de trije foarstellings dy't noch spile wurde. Dêrfoar kinne se kontakt opnimme mei de iepenloftspulkommisje yn Dronryp.