Kompinsaasje hege grûnprizen

18 jun 2003 - 00:00

De provinsje Fryslân jout in goed 300.000 euro oan in tal gemeenten. It jild is ornearre as kompinsaasje foar de hege grûnkosten by nijbou.

Ljouwert brûkt de 190.000 euro foar fierdere útwreiding fan 'e wyk Suderbuorren. Boarnsterhim keapet foar 60.000 euro grûn oan yn Aldeboarn foar twintich hierwenten. Tytsjerksteradiel hat likernôch 75.000 euro krige om 25 hierwenten te bouwen yn it sintrum fan Gytsjerk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)