150 azc-meiwurkers krije dien

17 jun 2003 - 00:00

150 azc-meiwurkers yn Fryslân krije dien. Dat is it gefolch fan de sluting fan 5 azc's yn Fryslân. Gemeenten reagearje skrokken op de twadde ynkrimping en wolle it coa oan har kontrakten hâlde.

It azc-personiel dat dien krijt is ferslein troch it beslút fan it coa yn Rijswijk. Tiisdei hat der in byienkomst west oer hoe't dy minsken begelaat wurde sille nei in oar wurkplak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)