Basismarkt Hurdegaryp kocht

© Omrop Fryslân
De eardere Basismarkt yn Hurdegaryp is oankocht troch Poiesz-supermerken. Nei de simmerfakânsje wurdt yn it gebou oan de Zwagermanstrjitte it 36e filiaal fan Poiesz iepene.
De âlde Basismarkt moat earst noch wol opknapt wurde. Mei inoar sille der likernôch 20 minsken oan it wurk kinne. De kommende tiid sil bestege wurde oan it finen fan personiel en it fierder útwurkjen fan plannen foar de winkel.