Boeren ha min jier achter rêch

© Omrop Fryslân
It jier 2002 hat in min jier west foar de yntensive feehâlderij en de ikkerbou. Dat docht bliken út sifers fan it LEI, it lânbou-ekonomysk ynstitút. Dat hat te krijen mei de legere prizen dy't boeren betelle krije, wylst de produksjekosten just omheech gean.
Teun de Jong fan it Nederlânsk Ikkerbou Fakbûn tinkt dat de situaasje yn ús provinsje in bytsje better is as yn de oare provinsjes.