Skeakelklasse bliuwt as azc slút

17 jun 2003 - 00:00

De sluting fan it azc yn Dokkum hat gjin gefolgen foar de ynternasjonale skeakelklasse fan skoallemienskip Piter Jelles yn de stêd. Fan de bern yn de klasse komme mar acht út it azc. De oaren wenje selsstannich yn Dokkum en omkriten.

Moandei makke it COA bekend dat it azc yn Dokkum, krekt as dy yn fjouwer oare plakken yn Fryslân, sletten wurdt. Dat komt om't it tal asylsikers dat yn Nederlân ûnderdak freget, werom rint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)