Utbaggerjen Swemmer kin fierder

© Omrop Fryslân
It rivierke de Swemmer kin fierder útbaggere wurde om't it wetter net fersmoarge is mei asbest. Dat hat bliken dien út ûndersyk.
In pear wike lyn waarden by baggerwurksumheden in pear stikken asbest oantroffen op de boaiem fan De Swemmer. It baggerjen is doe stillein en der is in ûndersyk ynsteld. It baggerjen dat útfierd wurdt foar it werynrjochtsjen fan De Swemmer, leit no fjirtjin dagen achter op skema.