BTS moat Bylsma leverje

16 jun 2003 - 00:00

It bedriuw BTS moat fiif skipsseksjes leverje oan skipswerf Bylsma op 'e Lemmer, op straffe fan in twangsom fan 250.000 euro per deidiel. Dat hat de rjochtbank yn in koart pleit bepaald.

BTS is in dochterûndernimming fan rederij Wagenborg, dat in skeel hat mei Bylsma. Wagenborg wol de opdracht foar de bou fan in fearboat ynlûke. Bylsma, dat oan de râne fan in fallisemint foar de fêstiging Warten stiet, wol dy opdracht behâlde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)